De Hûnekop is in Frysktalige band dy’t op hiele eigen wize de stim fan de Fryske arbeider werjout. Oprjochte yn 2009 troch Emiel Stoffers, dy’t ferskes skreau ynspirearre troch syn ûnderfiningen yn de skeepsbou. Mei Bart Scheffers op drums, Rik Alsma op bas en Jeroen Seinstra op gitaar hat de band ûnderwilens hûnderten optredens, sân studio-albums, twa sammelalbums en in teäterfoarstelling op namme stean. Yn de koroanaperioade makke De Hûnekop in wiere Fryske spylfilm neamd Stjer. Dizze waard yn alle bioskopen yn Fryslân fertoand en stiet no al bekend as in Fryske kultfilm. Country en punk foarmje de basis fan de muzyk, mar de band makket graach útstapkes yn alderhande rjochtingen.
De optredens fan De Hûnekop steane bekend om de enerzjy, dêr’t alles draait om wille meitsjen. De band hat nei al dy jierren noch altyd de ynstelling fan “niks moat, alles kin” en sa rommelje se lekker troch de tiid. It jier 2022 begûn mei de publykspriis fan de Fryske Popawards foar harren film Stjer. De nije single Wy kam fram Fryslân waard in ynternasjonale hit mei in notearring op 788 yn de Top 2000 en nûmer 1 yn de Fryske Top 100. Dit nûmer waard ek nominearre foar bêste liet en bêste clip foar de Fryske Popawards 2023.











































































